26/04/2022
WORKSHOP!
⛸❄
Tryater Rûnom organisearret in Goud’n Doarpenferbining, wêr’t amateurspilers (folwoeksenen en jongerein fan 13-17 jier út Wergea en doarpen dêrom hinne) foar útnoege wurde dy’t it nijsgjirrich fine om in nije toanielûnderfining op te dwaan. Ûnder lieding fan in profesjonele teatermakker giest yn trije mominten oan’e slach, om úteinlik ta te wurkjen nei in koarte, teatrale presintaasje op lokaasje.
De tematyk fan de workshop is keppele oan de nije foarstelling fan Tryater ‘Ûnder Wetter’. In grutskalige bûtenfoarstelling oer winterske dagen, dy’t giet oer famylje, tradysjes, en oer de fraach ofst dyn eigen libben libbest, of dat fan dyn (foar)âlders.
Ûnder Wetter wurdt spile op’e iisbaan yn Wergea, en hjir sil ek de presintaasje plak fine. Dernei ite we in hapke mei elkoar en gean we as ôfsluting nei de foarstelling Ûnder Wetter.
De workshops fine plak op de folgjende data:
Sneon 21 maaie, 13:00 - 17:00
Kick-off & wurkmiddei op lokaasje yn Wergea.
Freed 27 mei, 19:00 - 21:30
Wurkjûn op in lokaasje yn doarpen rûnom Wergea.
Sneon 28 mei, 13:00 - 17:00 (- 23:00)
Wurkmiddei + presintaasje + diner + foarstelling Ûnder Wetter.
Hast sin oan om mei te dwaan oan dit teatrale aventoer en kinst op alle dagen? Jou dy dan no op. De kosten binne €25,- foar de jongerein en €35,- foar de folwoeksenen, ynklusyf workshops, kofje/thé/iten én foarstelling. Doch mei, want thúsbliuwe is djoerder!
Opjefte kin via de link, oant en mei 7 maaie. Der is beheind plak, dus wachtsje net te lang.
https://docs.google.com/forms/d/e/1FAIpQLSf7KmvMewR4upq-Mxg2uk49onxZvee-A2oNID7kEFoF4fs0pQ/viewform
~~~
⛸❄
Tryater Rûnom organiseert een Goud'n Doarpenferbining, waar amateurspelers (volwassenen en jongeren van 13-17 jaar uit Warga en dorpen daar omheen) voor uitgenodigd worden diegene die hier nieuwsgierig van worden en een nieuwe toneelervaring willen opdoen. Onder leiding van een professionele theatermaker, ga je drie momenten aan de slag, om uiteindelijk toe te werken naar een korte, theatrale presentatie op locatie.
Het thema van de workshop is gekoppeld aan de nieuwe voorstelling van Tryater ‘Ûnder Wetter’. Een grootschalige buitenvoorstelling over winterse dagen, die gaat over familie, tradities, en over de vraag of je je eigen leven leeft, of dat van je (voor)ouders.
Ûnder Wetter wordt gespeeld op de ijsbaan in Warga, hier zal ook de presentatie plek zijn. Daarna eten we samen wat en gaan wel als afsluiting naar de voorstelling Ûnder Wetter.
De workshops vinden plaats op de volgende data:
Zaterdag 21 mei, 13:00 - 17:00
Kick-off & werkmiddag op locatie in Warga
Vrijdag 27 mei, 19:00 - 21:30
Werkavond op locatie in de dorpen rondom Warga
Zaterdag 18 mei,13:00 - 17:00 (- 23:00)
Werkmiddag + presentatie + diner + voorstelling Ûnder Wetter.
Heb je zin om mee te doen aan dit theatrale avontuur en kun je alle dagen? Geef je dan nu op. De kosten zijn €25,- voor jongeren en €35,- voor volwassenen, inclusief koffie/thee/eten én de voorstelling. Doe mee, want thuis blijven is duurder!
Opgeven kan via de link, tot en met 7 mei. Er is beperkt plek dus wacht niet te lang.
https://docs.google.com/forms/d/e/1FAIpQLSf7KmvMewR4upq-Mxg2uk49onxZvee-A2oNID7kEFoF4fs0pQ/viewform
Tryater