Halbertsma Wergea

Lêste jûn! 🤩Hast, Fryslân is jûn hielendal ÚTFERKOCHT 🎉Wy hawwe der sin oan!🕙 Gjin kaarten? Kom dan lâns foar in dûnske ...
24/01/2026

Lêste jûn! 🤩
Hast, Fryslân is jûn hielendal ÚTFERKOCHT 🎉
Wy hawwe der sin oan!
🕙 Gjin kaarten? Kom dan lâns foar in dûnske en in drankje mei muzyk fan Weima & vd Werf 🎶
Wy sjogge jim jûn! 🎭✨

Ast noch twifelest, dan is dit it teken om fanjûn nei De Bidler te kommen foar de foarstelling HAST, Fryslân! Op beide j...
23/01/2026

Ast noch twifelest, dan is dit it teken om fanjûn nei De Bidler te kommen foar de foarstelling HAST, Fryslân! Op beide jûnen is der nei ôfrin live muzyk fan Weima & vd Werf 💃🕺

Sneon 24 jannewaris is sa goed as útferkocht. Foar fanjûn binne der noch in oantal kaarten beskikber. Keapje dyn kaarten fia www.halbertsmawergea.nl

Oant fanjûn!

De ôfrûne tiid is der spikerhurd wurke oan in prachtich dekôr. Wy kinne net wachtsje om dit mei jimme te dielen nije wik...
16/01/2026

De ôfrûne tiid is der spikerhurd wurke oan in prachtich dekôr. Wy kinne net wachtsje om dit mei jimme te dielen nije wike! Grutte tank oan ús fantastyske bouploech en ús dekôrûntwerper! Sûnder jimme ynset, kreativiteit en fakmanskip gjin toanielstik.🙌🏻🎨🔨

🎭Wy binne der ‘hast’!🎭Juster hiene we ús lêste repetysje yn it doarpshûs en no is it safier... wy geane de Bidler yn! Wy...
08/01/2026

🎭Wy binne der ‘hast’!🎭
Juster hiene we ús lêste repetysje yn it doarpshûs en no is it safier... wy geane de Bidler yn! Wy kinne net wachtsje om dit toanielstik mei jimme te dielen 23 & 24 jannewaris. Keapje no dyn kaartsjes en mis it net!🎟️✨

De fysike kaartferkeap foar “HAST, Fryslân” giet fanwege de waarsomstannichheden en de ôfjûne koade oranje jûn NET troch...
05/01/2026

De fysike kaartferkeap foar “HAST, Fryslân” giet fanwege de waarsomstannichheden en de ôfjûne koade oranje jûn NET troch. Dêrom ferpleatse wy de fysike ferkeap mei in wike, nei moandei 12 jannewaris fan 19:00 oant 20:00 ien de Bidler. Online kenne jo altyd nog kaarten keapje fia: www.halbertsmawergea.nl

We sykje in ponghâlder dy't ús helpt it finansjele oersjoch te bewarjen en meitinke wol mei it bestjoer. Hoechst gjin bo...
08/06/2025

We sykje in ponghâlder dy't ús helpt it finansjele oersjoch te bewarjen en meitinke wol mei it bestjoer. Hoechst gjin boekhâlder te wêzen – ast handich bist mei sifers en graach oersjoch hâldst dan is dat al in hiel goed begjin.

Ynteresse of wolst mear witte? Stjoer dan foar 20 juny in mail nei [email protected], in berjochtsje / telefoantsje nei Wietske Velde: 0623790528 of tag immen dy't hjir perfekt foar wêze soe.

Nije wike is it al sa fier! Trije hiele leuke ienakters dy’t spile wurde troch 12 toppers fan us jongerein toaniel!🤩 sne...
08/04/2025

Nije wike is it al sa fier! Trije hiele leuke ienakters dy’t spile wurde troch 12 toppers fan us jongerein toaniel!🤩 sneons nei de tiid hawwe we musyk fan Johannes Rypma en Gerrit Poortinga & Tim de Vries!

Oant dan!

P.S. Bist freed al west te sjen, mar wolst sneons nog wol efkes dûnsje? Dan bist ek fan herte wolkom!💃🏻

14/03/2025
10/03/2025

Yes! We ha wer trije leuke ienakters foar jim yn petto! Komt dat sjen op 18 & 19 april! 🤩

25/01/2025

!!Ekstra sitplakken by de foarstelling fan jûn!!
Wy kinne ekstra sitplakken meitsje foar de foarstelling fan jûn. Dat betsjut dat der noch in pear ekstra kaartsjes beskikber binne!

Wolst der noch by wêze? Bestel dan gau dyn kaarten fia: www.halbertsmawergea.nl 🎟️

We hoopje dy jûn te sjen!

!!De foarstelling fan sneon 25 jannewaris is hielendal útferkocht!! 🎉Foar freed 24 jannewaris binne der noch in pear kaa...
23/01/2025

!!De foarstelling fan sneon 25 jannewaris is hielendal útferkocht!! 🎉

Foar freed 24 jannewaris binne der noch in pear kaartsjes beskikber. Wolst der by wêze? Bestel dan gau kaarten fia: www.halbertsmawergea.nl 🎟️

Hopelik oant freed!

Adres

Warga
9005

Meldingen

Wees de eerste die het weet en laat ons u een e-mail sturen wanneer Halbertsma Wergea nieuws en promoties plaatst. Uw e-mailadres wordt niet voor andere doeleinden gebruikt en u kunt zich op elk gewenst moment afmelden.

Contact

Stuur een bericht naar Halbertsma Wergea:

Delen