Popkoor Wergea is yn april 2012 oprjochte troch Reinout Weima & Sander Metz. Neist harren aktiviteiten as útfierend musikus wie it fan beide de winsk om in eigen koar liede en begeliede te meien en sels de nûmers te arranzjearjen. Der bliek binnen it doarp ferlet fan te wêzen, want fuortendaliks by de start wiene der al 40 leden! It repertoire groeide fluch en yn jannewaris 2013 stie it koar foar
it earst op 'e planken. Jierliks docht it koar sa 'n 6 optredens op ferskate plakken yn Fryslân. Mei grut entûsjasme wurde der, oant 5-stimmich, pophits fan de lêste 60 jier songen. Fan febrewaris 2016 ôf docht Reinout Weima de koarbegelieding allinnich. Sûnt 2013 organisearret it koar jierliks it Wergeaster koarfestival, in fergees tagonklik konsert dêr 't koaren en vocalgroups út hiel Fryslân útnûge wurde om op it poadium fan de (altyd f***e) Bidler acte de présence te jaan. Hichtepunt út it tsienjierrich bestean wie dochs wol it feestlike lustrumoptreden yn 2017, �wêrby 't it koar begelaat waard troch in band mei blazers en dêr ’t ek ferskate gastsjongers en -sjongeressen oan meidiene. Benammen de dielname oan it grutte teäterstik “Tusken Twa Tuorren” yn 2018 wie ûnferjitlik. It mei-inoar wat hawwe en meitsje is fan grutte wearde en it soarget foar nije freonskippen. Sa is it fansels ek altyd wer geweldich dat de optredens op de koardagen yn de Ljouwerter Prinsentún steefêst einigje mei in tajefte yn de kroech of snackbar…