10/09/2026
Grytha Visser oer 'De leafde begrave'
"Alde leafde roest net, is dat wier? Rinne wy soms te gau fuort fan de leafde, om't de fragen te dreech lykje — en foaral om't wy bang binne foar de antwurden?'
In grutte leafde dy’t stikken rûn is op ferwachtings en langstme. As it symboal fan de leafde begroeven wurdt en de lêste skeppe sân fallen is, is de leafde sels dan ek definityf foarby? Of bliuwt der, djip ûnder de grûn, wat efter dat net samar ferdwynt?
De leafde begrave giet oer loslitten, langstme en de fraach oft in leafde dy’t foarby liket, dochs in twadde kâns krije kin.
🎟️ Kaarten en mear ynformaasje fia www.tcteater.nl
📸 Leo Veldhuizen