Toanielferiening "Fordivedaesje" Top & Twel

Toanielferiening "Fordivedaesje" Top & Twel Toanielferiening fan Top & Twel

26/03/2026
Toanielferiening Fordivedaesje Top & Twel siket spilers!Nei it grutte sukses fan “It Deiboek fan Anne Frank” is it in sk...
18/01/2025

Toanielferiening Fordivedaesje Top & Twel siket spilers!

Nei it grutte sukses fan “It Deiboek fan Anne Frank” is it in skoft stil west op it mêd fan toniel yn Toppenhuzen en Twellingea. Mar no is it bestjoer fan Toanielferiening Fordivedaesje Top & Twel dochs al wer in setsje dwaande mei de tariedings foar nij teaterspektakel.

Sa ha wy foar kommende neisimmer in prachtich en oandwaanlik tonielstik op in skitterende iepenloftlokaasje yn de omkriten fan Top & Twel foar eagen.
Foar tonielstikken ha jo fansels tonielspilers nedich. En dy kinne wy op dit stuit net allegear fine:

Sa sykje wy foar it iepenloftstik yn septimber foar de froulike haadrol in spylster fan 55 – 70 jier.

Binne jo dy tonielspylster en ha jo tiid en nocht om mei ús te spyljen yn septimber? Belje dan eefkes mei 06-51068340 (Hans Rink Bergsma).

Wy tinke dat it yn Top & Twel optilt fan talintf***e tonielspilers en -spylsters (want dat hat altyd al sa west) en wy wolle graach mei harren yn de kunde komme.
Jong as âld, mânlju as froulju, mei as sûnder erfaring: as jo graach ris meispylje wolle yn ien fan ús tonielstikken dan hearre wy dat graach!
Ek as jo it tonielspyljen net sa sitten sjogge mar jo wolle ús wol ris helpe as ynstekker, tonielbouwer, technikus, klaaier, grimeur, bestjoerslid, manusje-fan-alles, ensfh … dan wolle wy dat hiel graach witte. Stjoer dan in mailtsje nei [email protected] of in berjochtsje yn Whatsapp of in tillefoantsje nei 06-51068340 (Hans Rink Bergsma).
Oant sjen en groetnis fan Toanielferiening Fordivedaesje

Nei it grutte sukses fan “It Deiboek fan Anne Frank” is it in skoft stil west op it mêd fan toniel yn Toppenhuzen en Twellingea. Mar no is it bestjoer fan Toanielferiening Fordivedaesje Top & Twel dochs al wer in setsje dwaande mei de tariedings foar nij teaterspektakel.

😔Toanielferiening Fordivedaesje spilet kommend winterskoft ... nét !!Wy hienen hiel graach dit jier opnij in moai toniel...
03/11/2023

😔
Toanielferiening Fordivedaesje spilet kommend winterskoft ... nét !!

Wy hienen hiel graach dit jier opnij in moai tonielstik oankundigje wollen. It is hiel spitich mar wy krije it net foar elkoar genôch minsken te finen foar álle rollen en taken yn it stik dat wy foar eagen hienen.
Dat wy ha beslute moatten it stik foar dizze winter ôf te blazen.
Fansels hoopje wy yn de neie takomst wol wer in folsleine ploech te finen want Top en Twel kin fansels net sûnder toniel!

As jo it dêr mei iens binne en jo kinne en wolle ús helpe as spiler, regisseur, ynstekker, tonielbouwer, technikus, klaaier, grimeur, bestjoerslid, manusje-fan-alles, ensf ..... dan wolle wy dat hiel graach witte. Stjoer dan in mailtsje nei [email protected] of in berjochtsje yn Whatsapp of in tillefoantsje nei 06-51068340 (Hans Rink Bergsma).

Oant sjen en groetnis fan Toanielferiening Fordivedaesje

24/03/2023

HERINNERING !!!

Op tiisdei 28 maart 2023 om 20:00 oere yn It Harspit hâlde wy de ledengearkomste fan ús feriening.
Hjir ûnder fine jo de wurklist.
Wy rekkenje op jim kommen, graach oant dan!

It Bestjoer



UTNOEGING LEDEGEARKOMSTE TOANIELFERIENING FORDIVEDAESJE

Tiisdei 28 Maart 2023 om 20.00 oere yn It Harsit

WURKLIST:
1. lepening en meidielings
2. Ynkommen stikken
3. Ferslach lêste ledegearkomste en jieroersjoch
4. Ferslach skathâlder
5. Befinings kaskommisje en beneaming nije leden kaskommisje
6. Bestjoerssaken

Ofgeand en net werkiesber:
- Jacoba Visser
- Marije Pander
- Mirjam van der Meer

Kandidaat: ---

Kandidaten kinne harren oant in oere foar de iepening fan de
gearkomste opjaan by it bestjoer

7. Plannen foar it kommende winterskoft
8. Omfraach
9. Sluting

28/02/2023

Berjocht fan Toanielferiening "Fordivedaesje" Top & Twel

Earder ha wy oankundige dat wy yn maart 2023 in Ienakterjûn hâlde woenen. It doel wie om dan twa fleurige ienakters foar jim foar it fuotljocht te bringen. Spitergernôch binne wy der net yn slagge op ‘e tiid genôch spilers te finen om alle rollen fan dy ienakters yn te foljen. Wy hawwe dêrom besletten dizze Ienakterjûn troch te skowen nei novimber 2023.

Toanielferiening Fordivedaesje hat in soad leden mar dêr kin altyd mear by, sawol spyljende leden as donateurs. Ek it bestjoer soe wol wat help brûke kinne. As jo noch nét lid binne en/of jo tinke: “Dat is ek wol wat foar my, ik soe ek wolris spylje wolle of ik soe it bestjoer wol helpe wolle”, dan heare wy dat hiel graach fia in mailtsje nei [email protected] of in tillefoantsje nei 06-18631689.

Op tiisdei 28 maart 2023 om 20:00 oere yn It Harspit hâlde wy de ledengearkomste fan ús feriening.
Hjir ûnder fine jo de wurklist.
Wy rekkenje op jim kommen, graach oant dan!

It Bestjoer



UTNOEGING LEDEGEARKOMSTE TOANIELFERIENING FORDIVEDAESJE

Tiisdei 28 Maart 2023 om 20.00 oere yn It Harsit

WURKLIST:
1. lepening en meidielings
2. Ynkommen stikken
3. Ferslach lêste ledegearkomste en jieroersjoch
4. Ferslach skathâlder
5. Befinings kaskommisje en beneaming nije leden kaskommisje
6. Bestjoerssaken

Ofgeand en net werkiesber:
- Jacoba Visser
- Marije Pander
- Mirjam van der Meer

Kandidaat: ---

Kandidaten kinne harren oant in oere foar de iepening fan de
gearkomste opjaan by it bestjoer

7. Plannen foar it kommende winterskoft
8. Omfraach
9. Sluting

02/12/2022

De tiid hâld gjin skoft!

It is al wer mear as in heal jier lyn dat wy “It Deiboek fan Anne Frank” spyle ha en wy binne noch altyd tige grutsk op wat wy doe delsetten ha. Wy ha ein juni mei de spilersploech de filmbylden besjoen, al sa prachtich! En op 1 oktober ha wy mei in hapke en in drankje it hiele produksjeteam betanke foar harren bydrage. Spitigernôch koe net elkenien op dy dei der by wêze en dêrom ha wy foar de absinten noch in lyts aardichheitsje lizzen dat mei koarten harren kant út komt.

Noch mar in kear tige tank foar alle war dy’t elkenien dien hat foar dit yndrukwekkende barren. Dat jildt ek foar de minsken efter de bedriuwen en ynstânsjes dy’t ús stipe ha mei it beskikber stellen van romte, helpende hân, jild, materiaal of oar guod: Paul Brunsmann fan Brunsmann Jacht- en ScheepsExperts, Sybolt Kuipers fan CBS It Harspit, Jehannes Bouwhuis fan JB Interieur- en Meubelbouw, Anita Feenstra fan Top HairHairfasion, Anne Visser fan MFC It Harspit, Fokko en Mirjam van der Meer fan Houthandel Sneek, Tjeerd Broekhuizen fan Tjeerd Broekhuizen AV Services, Wijbren Bergsma fan ProVisie, Lewien Rouw fan it Anne Frank Huis, Amadeus Heemsbergen fan Gemeente Súdwest Fryslân. Én fansels alle minsken wêr’t wy guod fan brûke mochten om ús dekôr sa f***e moochlik op It Achterhûs lykje te litten. Tige, tige tank. Sûnder jim bydrage hie it stik net sa moai west as it no wie!

En no fierder want de tiid hâld gjin skoft. Oankommend jier, om krekt te wêzen yn maart 2023, wolle wy as it heal kin in Ienakterjûn hâlde. It doel is om dan twa fleurige ienakters foar jim oer it fuotljocht te bringen. Neiere ynformaasje hjiroer folget meikoarten, hâld dêrom dizze side yn ‘e gaten.

Fanwegen de Coronaperikelen en dernei de tariedings foar “It Deiboek fan Anne Frank” ha wy de ôfrûne pear jier gjin ledengearkomsten holden. Wy binne fan doel dit yn april 2023 wer op te pakken. Datselde jildt foar it ynsammeljen fan de kontribúsje: dat wie der yn de Coronatiid ek wat by bleaun wêrtroch wy pas ôfrûne maaie de kontribúsje foar seizoen 2020 / 2021 ynsammele ha. Sa as yn maaie al oankundige ynkassearje wy dit jier ek noch de kontribúsje foar it seizoen 2021 / 2022, sa dat wy dan wer op ‘e regel binne.

Toanielferiening Fordivedaesje bloeit noch altyd, al mear as 45 jier. Der binne in soad leden, spyljende leden en donateurs, en der komme stadichwei nije leden by. As jo noch nét lid binne of jo tinke: “Dat is ek wol wat foar my, ik soe ek wolris spylje wolle of ik soe it bestjoer wol helpe wolle”, dan heare wy dat hiel graach fia in mailtsje nei [email protected] of in tillefoantsje nei 06-18631689.

It is no Sinterklaas-tiid, aansten gau Kryst en dêrnei Âld & Nei. In drokke en gesellige tiid. Wy winskje elkenien in hiele protte wille en wy hoopje jim kommende maaitiid te sjen by ús Ienakterjûn!

It bestjoer fan Toanielferiening Fordivedaesje.

BIJKE OP 3 DECEMBER IN MFC IT HARSPITDe prachtige theatervoorstelling ‘Bijke’ van Pier21 is dit najaar overal te zien in...
02/11/2022

BIJKE OP 3 DECEMBER IN MFC IT HARSPIT

De prachtige theatervoorstelling ‘Bijke’ van Pier21 is dit najaar overal te zien in Fryslân. Op zaterdag 3 december komt deze theaterproductie naar It Harspit. ‘Bijke’ is een nieuw project van het succesvolle theaterduo Jos Thie (regie) en Bouke Oldenhof (tekst).

Nu over eenzaamheid. Met Joke Tjalsma (`It wie op in simmerjûn’ en `Marijke Muoi’) en Theun Plantinga (`Kneppelfreed’ en `Titus’). En met Bobbie als speciale gast in de titelrol. Eén hond die twee mensen samenbrengt!

Kaarten kun je alvast bestellen via de onderstaande link:

https://www.vanplan.nl/uitje/pier21---bijke-mfc-it-harspit-oppenhuizen-39824839

Trailer Bijke:
https://www.youtube.com/watch?v=F6Wao8wqNuw

Agnes woont al jaren op hetzelfde buurtje als René, maar niemand heeft een idee waarmee zij zich bezig houdt. Ze leeft erg teruggetrokken en afgezonderd. Agnes bemoeit zich met niemand en ze laat zich nooit buiten zien. Als haar hond Bijke op een dag zijn aandacht trekt, vindt René Agnes languit liggend in de keuken. Hij is nog maar net op tijd. Agnes wordt met een ambulance naar het ziekenhuis vervoerd. Zo belandt Bijke bij René.

Had hij eerder met haar contact moeten zoeken? Of was het juist goed dat hij Agnes haar gang liet gaan, omdat zij niet zat te wachten op bemoeienis van andere mensen? René begint te twijfelen. Ook aan zichzelf. Uiteindelijk moet hij toegeven dat hij meer van Agnes begrijpt dan hij eerst door had en dat hij meer op haar lijkt dat hij zou willen.

Na de grote succesvoorstellingen `Wat Soesto’, `It wie op in simmerjûn’ en `Feteranen’ gaat de nieuwste voorstelling van Pier21, `Bijke’, op 14 oktober 2022 in première en is daarna overal in Fryslân te zien. Een nieuw project van het succesvolle theaterduo Jos Thie (regie) en Bouke Oldenhof (tekst). Nu over eenzaamheid. Met Joke Tjalsma (`It wie op in simmerjûn’ en `Marijke Muoi’) en Theun Plantinga (`Kneppelfreed’ en `Titus’). En met Bobbie als speciale gast in de titelrol.

MFC It Harspit
Zaterdag 3 december 2022 20.00 - 23.00 uur
Prijs € 23,50

It sit der op! Tige tank allegear! Wat in hearlike searje foarstellingen ha wy spylje mocht en wat in fijn publyk, mear ...
06/05/2022

It sit der op! Tige tank allegear! Wat in hearlike searje foarstellingen ha wy spylje mocht en wat in fijn publyk, mear as 1000 minsken, ha wy hân yn de ôfrûne twa wiken by "It Deiboek fan Anne Frank". Dit wie in aventûr fan hast trije jier dat wy nea wer ferjitte sille.
Mar gelokkich ha wy de foto's en (aansten) de film noch ..

Oant sjen by in folgjende tonielfoarstelling fan Toanielferiening Fordivedaesje Top & Twel.

Moarn is it súterich waar .... mar der binne noch in pear kaarten de matinée-foarstelling (15:00 oere) fan ús tonielstik...
30/04/2022

Moarn is it súterich waar .... mar der binne noch in pear kaarten de matinée-foarstelling (15:00 oere) fan ús tonielstik "It Deiboek fan Anne Frank" !
Sjoch op www.FordivedaesjeTopEnTwel.nl

Prachtige resinsje yn it Sneeker Nieuwsblad!Der binne noch kaarten foar snein 1 maaie en woansdei 4 maaie
28/04/2022

Prachtige resinsje yn it Sneeker Nieuwsblad!
Der binne noch kaarten foar snein 1 maaie en woansdei 4 maaie

In topprestaasje hat ús toanielferiening Fordivedaesje ôfrûne wykein delsetten mei it stik ‘It Deiboek fan Anne Frank’. ...
25/04/2022

In topprestaasje hat ús toanielferiening Fordivedaesje ôfrûne wykein delsetten mei it stik ‘It Deiboek fan Anne Frank’. En mei sa’n resinsje kinne jo alinnich mar tige tige grutsk wêze. De folgjende foarstellings binne op 30 april, 1 en 4 maaie. Noch trije kear knalle 💪!
En der binne noch in pear kaarten: sjoch op www.fordivedaesjetopentwel.nl

Adres

Oppenhuizen

Meldingen

Wees de eerste die het weet en laat ons u een e-mail sturen wanneer Toanielferiening "Fordivedaesje" Top & Twel nieuws en promoties plaatst. Uw e-mailadres wordt niet voor andere doeleinden gebruikt en u kunt zich op elk gewenst moment afmelden.

Contact

Stuur een bericht naar Toanielferiening "Fordivedaesje" Top & Twel:

Delen