03/03/2026
𝗞𝗮𝗻𝗼𝗲𝘁 𝗻𝗲𝗶 𝘆𝗻𝘁𝗲𝗿𝗻𝗮𝘀𝗷𝗼𝗻𝗮𝗮𝗹 𝘁𝗲𝗮̈𝘁𝗲𝗿𝗳𝗲𝘀𝘁𝗶𝘃𝗮𝗹 𝘆𝗻 𝗕𝗼𝗲𝗱𝗮𝗽𝗲𝘀𝘁
De suksesfolle jeugdfoarstelling 'Kanoet' is op 29 april 2026 te sjen by it ynternasjonale teäterfestival Madách International Theatre Meeting MITEM yn it National Theatre Budapest.
Tidens dit festival moetsje teaterselskippen út de hiele wrâld inoar en wurde teatertradysjes en kultueren byinoar brocht. Yn Boedapest wurdt de Fryske ferzje fan Kanoet spile, mei Hongaarske boppetiteling.
Kanoet is sûnt Leeuwarden-Fryslân 2018 al mear as 200 kear spile yn ûnder oaren Dútslân, Mauritanië, Tunesië en Italië. De rol fan Mient wurdt wer fertolke troch Theo Smedes. De earste ferzje fan Kanoet, skreaun troch Bouke Oldenhof, waard al yn it teaterseizoen fan 2018 ûntwikkele troch Pier21 yn gearwurking mei Garage TDI.
It is in edukative foarstelling oer de Waadsee, de waadfûgels en it belang fan de beskerming fan dit kwetsbere gebiet, dy’t yn gearwurking mei it waadûndersyksteam fan Theunis Piersma oan de University of Groningen en NIOZ (no BirdEyes yn Ljouwert) ûntwikkele waard.
De foarstelling fertelt it ferhaal fan Mient, dy't in presintaasje tariedt oer waadfûgels. Wannear't syn heit, in fûgelûndersiker, net opdaagjen komt, stiet er der allinnich foar. Mei help fan de bern yn it publyk besiket er it ferhaal dochs te fertellen. Geandewei ûntdekt er dat er, krekt as de mientsen dy't tûzenen kilometers migrearje, syn eigen wei fine kin.
Mei de útnûging foar it festival yn Boedapest krijt 'Kanoet' op'e nij in ynternasjonale spylplak. Lês hjir mear: https://www.pier21.nl/uncategorized/2845