10/09/2026
𝐈𝐭 𝐢𝐬 𝐬𝐚𝐟𝐢𝐞𝐫: wy meie mei grutske trots witte litte dat ús nije toanielstik de titel "𝐈𝐧 𝐓𝐨𝐚𝐧𝐢𝐞𝐥𝐬𝐭𝐢𝐞𝐤" draacht! Dit stik is spesjaal skreaun foar Fryske Krite De Jouwer troch Marc van der Veen, en sil mei tank oan it entûsjasme fan ús spilers kommende hjerst, yn novimber, op de planken stean.
Dit berjocht jout jimme fêst in lyts foarpriuwke fan ús prachtige poster, makke troch GoingNutsGraphics. Oan it ein fan alle foarstelrûnes sil de folsleine poster publisearre wurde.
Yn 'e kommende wiken hâlde wy jimme op 'e hichte: hokker spilers meidogge, wêr't it ferhaal krekt oer giet, en noch f***e mear moaie details.
Fan 1 oktober 2026 ôf binne de kaarten te keap fia ús webside. Leaver jûns sels in kaartsje keapje? Dat kin ek, gewoan oan de doar.
Bisto lid en slagget it bestellen fia de webside net sa bêst? Mail ús dan nei [email protected]
Wy helpe dy graach fierder!