03/10/2026
Noch ien kear: tige tank!
Wy hawwe jim de ôfrûne tiid hiel wat bylden fan SWYN! sjen litten. Fan it poadium, de spilers en alles wat der achter de skermen barde.
Mar no draaie wy de kamera noch ien kear om. Want wat hawwe wy fan jim genoaten!
Jûn nei jûn in f***e tribune, entûsjaste reaksjes, in protte wille en fansels dat prachtige applaus. Jim hawwe SWYN! mei ús belibbe en dêrmei eltse foarstelling wer bysûnder makke.
Dus noch ien kear, fan ús allegear: tige tank foar jim komst, jim entûsjasme en alle moaie reaksjes! ❤️
Genietsje noch efkes mei ús mei fan de oare kant fan it poadium…
Oant in oare jier yn Jorwert!
Foto's PDF-Grafie, Piet Douma