Frisicana

Frisicana Trije sjongers en lietskriuwers: Piter Wilkens, Marcel Smit en Gurbe Douwstra!

It Frisicana projekt is dan wol ôfrûn, mar wy hawwe noch ien kadootsje foar jimme… It live album wat wy opnaam hawwe yn ...
21/04/2025

It Frisicana projekt is dan wol ôfrûn, mar wy hawwe noch ien kadootsje foar jimme… It live album wat wy opnaam hawwe yn Paviljoen MeM stiet no op Spotify!

Foar in f***e seal yn it moaie, smûke en altyd noflike Posthuis Theater justerjûn de âlderlêste Frisicana-foarstelling. ...
18/04/2025

Foar in f***e seal yn it moaie, smûke en altyd noflike Posthuis Theater justerjûn de âlderlêste Frisicana-foarstelling. It wie in moaie reis mei myn maten Piter Wilkens, Marcel Smit en lûdsman Pieter Meindertsma. Ik fûn it machtich moai en neffens my hat it publyk 'm ek tige fermakke.
Tige tank, yn it foarste plak oan jimme, it publyk; jimme soargje foar de fleur oan ús 'wurk'. Tank ek oan myn maten Piter en Marcel; it hat grif net de lêste kear west dat wy meiinoar op it poadium stienen. Tank oan lûdsman en maat Pieter Meindertsma, dy't der alle kearen wer foar soarge dat it klonk as in klokje. En tank oan alle teaters, sealen, kulturele kommisjes en organisatoren, dy't ús de kâns jûn ha om fiif kear in Frisicana-toer mei meiinoar mear as 70 optredens te dwaan.

In moai plaatsje (tige tank, Arnold) fan it optreden justerjûn yn it altyd wer noflike BaronTheater yn Grinzer Pein. It ...
13/04/2025

In moai plaatsje (tige tank, Arnold) fan it optreden justerjûn yn it altyd wer noflike BaronTheater yn Grinzer Pein. It wie de op ien nei lêste foarstelling fan Frisicana mei Piter Wilkens, Marcel Smit en ik en Pieter Meindertsma as fêste technikus. Nei dizze fyfde Frisicana-toer is it dien mei dit projekt. Dus at jimme it noch sjen wolle of nochris sjen wolle dan is ankommende tongersdei, 17 april, de lêste kâns. Wy spylje dan yn it Posthuis Theater op it Hearrenfean. Ik ha efkes neisjoen, der binne noch in 50 kaarten en dat is it fol en útferkocht. Dat is ek de lêste gelegenheid om de live-CD fan Frisicana te keapjen; wy binne der hast trochhinne en der komt net twadde persing.
Wa wit, oant tongersdei; wy sille noch ien kear ús stjonkende bêst dwaan.

07/04/2025

En dan is it no útsjen nei de beide alderlêste Frisicana-optredens mei Piter Wilkens en Marcel Smit. No saterdei 12 april spylje wy yn it BaronTheater yn Opende, Grinzer Pein sizze wy hjir ek wol. Ik ha begrepen dat der noch wat kaarten binne, dus wa't komme wol, klik efkes troch nei de site fan it teater.
Dat jildt ek foar it definityf lêste Frisicana-optreden op tongersdei 17 april yn it Posthuis Theater yn it Hearrenfean. Ek dêr giet it om de lêste kaarten. Dus at jimme nochris dit nijsgjirrich Frysk en Ingelsktalich lietsjesprogramma meimeitsje wolle, dan binne dit de beide lêste mooglikheden. Wa wit, oant sjen.

19/03/2025

Wy telle ôf, ek wol in bytsje mei pine yn it hert; noch fjouwer kear Frisicana V - Into the sunset en dan is it definityf oer mei dit nijsgjirrich projekt fan Piter Wilkens, Marcel Smit en my. In jûn fol mei eigen Frysk repertoire en Ingelske lietsjes fan ferneamde en minder bekende Americana-artysten. Gryp jim kâns en kom no saterdei nei it Dielshûs yn Wommels, of op saterdei 29 maart nei MFA de Ynset yn Holwert. Op saterdei 12 april binne wy yn it BaronTheater yn Opende en de alderlêste is op tongersdei 17 april yn it Posthuis Theater op it Hearrenfean. Sjoch foar kaarten op de websiden fan de lokaasjes.

05/03/2025

Wy sille op nei de lêste fiif foarstellings fan Frisicana V - Into the sunset; foar jimme de lêste kânsen om dit nijsgjirrige Ingelsk- en Frysktalich lietsjesprogramma te sjen. Nei dizze fyfde toer hâldt it op en komt der in ein oan dit projekt. Mar goed, it is noch net safier. Ankommende freed 7 maart spylje wy yn De Skâns Gorredijk. Dêr binne noch wol kaarten foar, sjoch op www.skans.nl .
De folgjende foarstellings binne:
saterdei 22 maart yn it Dielshûs yn Wommels, www.itdielshus.nl
saterdei 29 maart MFA Ynset yn Holwert, www.mfa-holwerd.nl
saterdei 12 april BaronTheater Opende, www.barontheater.nl
en de lêste op tongersdei 17 april yn it Posthuis Theater op it Hearrenfean, www.posthuistheater.nl

08/02/2025

Dit wykein wer op 'n paad mei Piter Wilkens, Marcel Smit en Pieter Meindertsma. Twa foarstellings fan 'Frisicana V - Into the sunset', de ôfskiedstoer fan dit projekt. Tongersdei 17 april is de lêste foarstelling en meiinoar noch sân kear de mooglikheid om dit nijsgjirrich Frysk/Ingelsktalich lietsjesprogramma te sjen.
Jûn yn de Pleats yn Burgum www.podiumdepleats.nl en moarntemiddei yn Theaterkerk Nes yn Noardeast Fryslân.
Wa wit, oant jûn of moarn; wy hawwe der nocht oan!!

It is suver wat ûnwennich, sa'n hiel wykein sûnder de Frisicana-maten Piter Wilkens, Marcel Smit en Piter Meindertsma. M...
02/02/2025

It is suver wat ûnwennich, sa'n hiel wykein sûnder de Frisicana-maten Piter Wilkens, Marcel Smit en Piter Meindertsma. Mar kommend wykein gean wy wer los! Earst op saterdei 8 febrewaris yn de Pleats yn Burgum (kaarten: www.podiumdepleats.nl ) en dan sneintemiddei 9 febrewaris yn Theaterkerk Nes (kaarten: www.theaterkerknes.nl ).
Foar wa't it noch net meikrigen hie, wy binne dwaande mei de lêste foarstellings fan Frisicana. Nei Burgum en Nes komme wy noch nei De Skâns Gorredijk (7 maart), it Dielshûs yn Wommels (22 maart), de Ynset yn Holwert (29 maart), BaronTheater yn Opende (12 april) en Posthuis Theater it Hearrenfean op tongersdei 17 april. En dan is it oer en komt der in ein oan dit dochs hiel nijsgjirrich projekt. Dus ik soe sizze, wêr der by. Wy sjogge jimme graach en meitsje der noch sân kear in feestje fan!

Dêr gean wy dan, op nei de ûndergeande sinne, into the sunset, Frisicana V. Noch acht kear de mooglikheid om dit nijsgji...
24/01/2025

Dêr gean wy dan, op nei de ûndergeande sinne, into the sunset, Frisicana V. Noch acht kear de mooglikheid om dit nijsgjirrich lietsjesprogramma fan Piter Wilkens, Marcel Smit en Gurbe Douwstra te sjen en dan komt der in ein oan dizze moaie reis. Meiinoar mear as tsien jier op 'n paad west en yn de Frysk/Ingelske setting fan Frisicana mear as 70 optredens yn de fiif toernees.
Foar moarn yn de Noorderkerkzaal fan Theater Sneek binne noch in pear kaarten beskikber.
Der is grif noch plak by www.podiumdepleats.nl op 8 febrewaris yn Burgum of op sneintemiddei 9 febrewaris yn Theaterkerk Nes yn Noardeast Fryslân.
En oars noch wol op freed 7 maart yn De Skâns Gorredijk, saterdei 22 maart yn www.itdielshus.nl yn Wommels. saterdei 29 maart yn www.mfa-holwerd.nl, saterdei 12 april yn it BaronTheater yn Opende en de grif ekstra feestelike útsmiter op tongersdei 17 april yn it Posthuis Theater op it Hearrenfean.

07/01/2025

Yndie, wy, Piter Wilkens, Marcel Smit en ik, binne dwaande mei de ôfskiedstoer fan Frisicana. Dizze fyfde, 'Into the sunset', is de lêste. Nei mear as 70 Frisicana-foarstellings en úteindelik mear as tsien jier mei syn trijen op de Fryske poadia spile te hawwen komt der no in ein oan dizze gearwurking.
Mar net neidat wy noch tsien kear alles jaan sille by de lêste optredens fan dit nijsgjirrich Frysk/Ingelsk lietsjesprogramma. Want wy hawwe der noch altyd in protte nocht oan om meiinoar foar jimme te spyljen. En lokkichernôch hawwe jimme noch mooglikheden genôch om ús te sjen. Podium Gorter Balk no snein is útferkocht, mar wy komme noch yn:
Dorpshuis De Trije Doarpen yn Kollumersweach, 18 jannewaris
Theater Sneek, 25 jannewaris
Cultuur in de Pleats yn Burgum, 8 febrewaris
Theaterkerk Nes yn Nes, NE Fryslân, 9 febrewaris
De De Skâns Gorredijk, 7 maart
It Dielshûs yn Wommels, 22 maart
MFA de Ynset yn Holwert, 29 maart
BaronTheater yn Opende, 12 april
Posthuis Theater it Hearrenfean, 17 april.
Kaarten binne te keap by de teaters en sealen en wy hoopje jimme te moetsjen by ien fan de foarstellings en der ien te drinken op it ôfskied.

23/12/2024

Jimme hearre it yn it filmpke: de tsien foarstellings fan Frisicana V - Into the sunset, dy't yn 2025 noch pland stean, wurde de lêsten. Nei dizze fyfde toer hâlde wy op mei dit projekt Frisicana. It wie al dy jierren hartstikke moai, mar oan alles komt in ein; wy ride mei Frisicana yndie 'into the sunset'.
Mar jimme kinne der fansels noch by wêze; kaartsjes foar ien fan de kommende foarstellings is miskien in moai kado foar ûnder de Krystbeam😊😊. Dit stiet noch pland:
snein 12 jannewaris Podium Gorter Balk (útferkocht!!)
saterdei 18 jannewaris Dorpshuis De Trije Doarpen Kollumersweach www.detrijedoarpen.com
saterdei 25 jannewaris Noorderkerkzaal, Theater Sneek www.theatersneek.nl
saterdei 8 febrewaris De Pleats Burgum www.podiumdepleats.nl
snein 9 febrewaris Theaterkerk Nes www.theaterkerknes.nl
freed 7 maart de De Skâns Gorredijk www.skans.nl
saterdei 22 maart It Dielshûs yn Wommels www.itdielshus.nl
saterdei 29 maart MFA de Ynset yn Holwert www.mfa-holwerd.nl
saterdei 12 april BaronTheaterTheater Opende www.barontheater.nl
tongersdei 17 april Posthuis Theater it Hearrenfean, www.posthuistheater.nl
Wy hoopje jimme by ien fan dizze lêste Frisicana-foarstellings te moetsjen.

Dit wykein stean wy twa kear op it poadium! Freed 22 novimber 20.00 yn It Maskelyn Hurdegaryp, en snein de 24ste om 15.3...
21/11/2024

Dit wykein stean wy twa kear op it poadium!
Freed 22 novimber 20.00 yn It Maskelyn Hurdegaryp, en snein de 24ste om 15.30 oere yn De Groate Kerk yn St Jabik! Jimme binne wolkom! Volgers

Adres

Fok 78
Heerenveen
8441 BR

Website

Meldingen

Wees de eerste die het weet en laat ons u een e-mail sturen wanneer Frisicana nieuws en promoties plaatst. Uw e-mailadres wordt niet voor andere doeleinden gebruikt en u kunt zich op elk gewenst moment afmelden.

Delen