Vriendenkring Twijzel

Vriendenkring Twijzel Facebookpagina toneelvereniging Vriendenkring Twijzel. op saterje 31 januari snein 1 februari, freed 6 en saterje 7 februari spielje wie ' hûske oan see!'

Wat in shows!Wy wolle jim tige betankje dat jim der dit jier wiene. Wy hawwe der echt fan genoaten!Wy hawwe dit jier fii...
24/02/2026

Wat in shows!

Wy wolle jim tige betankje dat jim der dit jier wiene. Wy hawwe der echt fan genoaten!

Wy hawwe dit jier fiif opfierings dien, en alle fiif wiene útferkocht. Dat docht ús goed en wy binne tige wiis dat it toaniel libbet yn Twizel en omkriten. Ek de nije tafoeging, de dinnershow, wie in súkses. Dat koe net sûnder jimme.

Wy wolle ek noch efkes stilstean by ús sponsoren dy’t ús holpen ha om it stik op te setten.

Foar elkoar en mei-inoar. Wer’t in lyts doarp grut yn wêze kin.

Tige by tige en wy hoopje dat wy jimme nij jier ek wer sjen meie!

Jûn is de lêste foarstelling fan ‘Húske oan see’. Wat hawwe wy in soad nocht hân oan it oefenjen en spyljen. Jûn sille w...
07/02/2026

Jûn is de lêste foarstelling fan ‘Húske oan see’. Wat hawwe wy in soad nocht hân oan it oefenjen en spyljen. Jûn sille wy der ekstra fan genietsje. Nei ôfrin is der noch live-muzyk fan Johnny de Vries. Minsken sûnder kaartsje binne nei ôfrin ek fan herte wolkom!

Sjogge we dy jûn ek?

'rnochtoan!

Ûtfiering 3/5Wy ha d'r nocht oan!
01/02/2026

Ûtfiering 3/5

Wy ha d'r nocht oan!

It is einlings sa fier: wy sille optrede en dêr hawwe wy hiel f***e nocht oan!Mar it is fansels alwer twa moannen lyn da...
29/01/2026

It is einlings sa fier: wy sille optrede en dêr hawwe wy hiel f***e nocht oan!

Mar it is fansels alwer twa moannen lyn dat wy de kaarten ferkocht hawwe. Dêrom wolle wy jim freegje om te kontrolearjen oft de kaarten goed yn de mail oankommen binne. As jim yn de mailbox sykje op 'MGTickets', sil it fêst wol goed komme. Mochten de kaarten ûnferwachts yn de spambox bedarre wêze of kinne jim se net fine? Nim dan even kontakt mei ús op, dan stjoere wy de kaarten nochris.

De Bining giet op 30 en 31 jannewaris en 6 en 7 febrewaris om 19:30 oere iepen. By de Dinnershow op 1 febrewaris giet de Bining om 16:00 oere iepen.

Hâld de kaarten by de hân, dan kinne de matrozen jim fluch nei binnen ta scanne!

Hjoed is de generale! Wy ha d'r nocht oan!
24/01/2026

Hjoed is de generale! Wy ha d'r nocht oan!

Adres

Twijzel

Website

Meldingen

Wees de eerste die het weet en laat ons u een e-mail sturen wanneer Vriendenkring Twijzel nieuws en promoties plaatst. Uw e-mailadres wordt niet voor andere doeleinden gebruikt en u kunt zich op elk gewenst moment afmelden.

Delen